Oanlis fan spoar-ûndertrochgong yn Wolvegea offisjeel los

02 feb 2015 - 18:27

It wurk foar de spoar-ûndertrochgong op it krúspunt Om den Noort yn Wolvegea is no echt los. Op dat plak kruse drokke diken mei twa rotondes it spoar dat de kommende jierren hieltyd drokker wurde sil. No al stean der yn de spits lange files dêr't ek ambulânse en brânwacht yn wachtsje moatte.

In ûndertrochgong moat it probleem oplosse. Oer dat grutte projekt is jierren praat, mar de skeppe gie moandeitemiddei ek echt de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)