Littens en SWF biede achterfang by pgb-achterstân

© Omrop Fryslân
Littenseradiel en Súdwest-Fryslân stean garant foar de persoansbûne budzjetten, de pgb's. Sûnt begjin dit jier is de gemeente ferantwurdlik foar de oanfragen fan sokke budzjetten. Sy moatte dat trochstjoere nei de Sosjale Fersekeringsbank, dy't it jild útbetellet oan de kliïnten. Mar yn guon gefallen komt it jild pas letter.
Om foar te kommen dat kliïnten dêrtroch gjin soarch ynkeapje kinne, hawwe Littenseradiel en Súdwest-Fryslân no tasein dat sy soargje dat harren ynwenners hoe dan ek soarch krije.