Brânwacht Fryslân freget oandacht foar gefaren koalmonokside

Alle 1300 meiwurkers fan de Brânwacht Fryslân binne frege om freonen en famylje oan te sprekken op de gefaren fan koalmonokside. It is ien fan de saken dy't Brânwacht Fryslân ûndernimt om ekstra stipe te jaan oan de lanlike kampanje fan de brânwacht en de Nederlandse Brandwonden Stichting.
De kampanje hat as doel minsken bewust te meitsjen fan de gefaren fan koalmonokside. Njonken it oansprekke fan freonen en famylje wurde ek de sosjale media ynsetten. Sa wurdt fia Facebook in fragelist ferspraat en wurdt der folop foarljochting jûn.