Weststellingwerf krijt tongersdei Fairtrade-titel

02 feb 2015 - 16:07

Weststellingwerf krijt tongersdei offisjeel de titel Fairtrade gemeente oerlange. Dêrmei is Weststellingwerf de fjirde Fryske gemeente mei dizze titel. Earder krigen Tytsjerksteradiel, It Bilt en Eaststellingwerf it predikaat al.

Wethâlder Frans Kloosterman nimt de titel yn ûntfangst en sil de oanmoedigingssjek oerlangje oan Ljouwert, dy't mooglik de folgjende Fairtrade gemeente wurde kin. In gemeente krijt de titel as in part fan de gemeente sels fairtrade produkten keapet en as der genôch bedriuwen en ynstellings mei fairtrade wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)