VVV-kantoar yn Snits definityf ticht

02 feb 2015 - 14:35

It VVV-kantoar yn Snits giet definityf ticht. It slagget it bestjoer fan it VVV net langer om de hier fan it gebou en de salarissen fan de meiwurkers te beteljen. Se lûke dêrom op 1 april de stekker der út. Neffens it bestjoer is der gjin oare kar mooglik om't de gemeente net mei ekstra subsydzje oer de brêge komt. Dêrtroch driget der in fallisemint.

Trije jier lyn wiene der ek al grutte problemen yn Snits. Nei it ûntslach fan in tal meiwurkers slagge it VVV der doe noch yn iepen te bliuwen. Dy rek is der no lykwols út, sa seit it bestjoer.

Trefwurden: 
Snits fallisemint VVV-kantoar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)