Earste Molkwarder koeke út Jouster oven

02 feb 2015 - 12:45

De bekende Molkwarder koeke komt fan moandei ôf út de oven op De Jouwer. Molkwarder koeke wurdt al sûnt 1916 yn Molkwar makke. Mar it bedriuw is út syn jaske groeid en dêrom ferhuzen de koekebakkers út it doarp wei nei in grutter gebou op it bedriuweterrein fan De Jouwer.

De namme fan de Molkwarder koeke bliuwt lykwols gewoan itselde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)