"Ferdwinen V&D soe ramp wêze foar Ljouwerter binnenstêd"

02 feb 2015 - 12:39

It ferdwinen fan de V&D út Ljouwert soe in lytse ramp wêze foar de binnenstêd. Dat seit Hayo Galema, binnenstêdsmanager foar de Ljouwerter ûndernimmers. V&D lûkt noch hieltyd in soad minsken nei de stêd en dêr profitearje oare winkels ek fan, wit Galema.

As it warehûs omfalt, soarget dat foar in gat yn it sintrum. Galema twifelet der wol oan oft V&D it oprêde sil. De formule fan it bedriuw past net mear yn dizze tiid en de feroaring fan de formule giet net fier genôch. Ek de gearwurkjende ûndernimmers kinne V&D net oerein hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)