Nij carpoolplak iepene by Drachten

02 feb 2015 - 08:25

It tal carpoolers yn Fryslân nimt noch hieltiid ta. Koartlyn is der by Fryske Peallen in grut nij carpoolplak iepene. En moandeitemoarn wie de offisjele iepening fan it carpoolplak by Drachten-Noard mei 80 parkearplakken. Ek de nije saneamde turborontondes by it carpoolplak waarden offisjeel yn gebrûk naam. Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Ron van der Leck fan Smellingerlân wiene der by en dielden 'koek-en-zopie' út.

Foar de kommende perioade wurde der noch grutte carpoolplakken oanlein by Sint Nyk en Warkum.

De oanlis fan turborotondes en carpoolplak hawwe mei-inoar 2,1 miljoen euro koste. It carpoolplak foarsjocht dúdlik yn in ferlet. Al foar achten wiene de measte parkearplakken fol.

Trefwurden: 
Drachten iepening carpoolplak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)