Mear yllegale stroom ôftape troch himpkwekers

Himpkwekers hawwe oer 2014 mear yllegale stroom ôftape as yn 2013. Der is yn 2014 foar 147 miljoen kilowattoere oan stroom ôftape, tsjin 140 miljoen yn 2013. Netbehearder Liander tinkt dat it totaal oan ôftape stroom in miljard kilowattoere is, mei in wearde fan 200 miljoen euro.
Yn Fryslân binne yn 2014 ferspraat oer de hiele provinsje 174 himpkwekerijen oprôle. Neffens Liander wurkje ynstânsjes better gear, wêrtroch mear kwekerijen oan it ljocht komme. Der komme ek hieltiid mear anonime tips fan it publyk binnen.