Soad skea troch útslaande wenningbrân Ferwert

In útslaande brân hat sneintejûn foar in soad skea soarge oan in wenning oan de Mûnewei yn Ferwert. De boppewenning is foar in grut part ôfbaarnd. De ûnderferdjipping hat in soad reek- en wetterskea oprûn. Op it stuit dat de brân begûn wienen de bewenners net yn de wenning oanwêzich. Wat krekt de oarsaak fan de fûle brân west hat sil troch de plysje ûndersocht wurde. De brânwacht hie ûnder it blussen in soad lêst fan de hurde wyn.