Veerman nei SC Hearrenfean; Dalgaard werom nei Denemarken

01 feb 2015 - 21:40

Volendam-spits Henk Veerman komt per direkt nei SC Hearrenfean. Dat seit manager fuotbalsaken Hans Vonk fan SC Hearrenfean. De 21-jierrige en hast twa meter lange Veerman skoarde dit seizoen 16 kear yn 21 kompetysjewedstriden.

Thomas Dalgaard ferlit Hearrenfean foar in healjier. De Deenske spiler wurdt foar dy tiid ferhierd oan Odense BK. Dalgaard waard yn de simmer foar 750.000 euro oernaam troch Hearrenfean, mar de topskoarer fan de Deenske kompetysje skoarde yn tsien ynfalbeurten net ien kear.

Dalgaard bruts freed yn de lêste minút in ribbe, sa waard letter konstatearre yn it sikehûs mei in röntgenfoto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)