Snits Wyt Swart wint fan Be Quick 1887

Koprinner Snits Wyt Swart die snein goede saken troch mei 2-0 te winnen fan Be Quick 1887. Op eigen fjild soarge Age Hains Boersma nei 7 minuten foar de iepeningstreffer. Daniël Zwart tekene nei in kertier spyljen foar de 2-0. Fuort nei rêst krige Sean de Ruiter in knappe kâns op de tredde Snitser treffer, mar hy fersomme te skoaren. Mei noch 3 minuten op 'e klok wie Boersma ticht by syn twadde doelpunt, mar syn kopbal gong oer. Dêrtroch waard de tuskenstân ek de einstân.
Troch de winst bliuwt de ploech fan trainer Berry Zandink koprinner.