Douwe de Vries pakt ticket foar WK allround yn Calgary

Reedrider Douwe de Vries giet nei it WK allround yn Calgary. Hy stelde by de wrâldbekerwedstriden dit wykein yn Hamar syn ticket feilich. De Vries ried snein yn de B-groep op de 1500 meter 1.47.65. Dat wie 2 sekonden en 55 hûndertste flugger as de tiid fan Jorrit Bergsma. Dy waard dêrby útskeakele foar dielname oan it WK.
De Vries moast noch wachtsje op de rit yn de A-divyzje fan Wouter Olde Heuvel. Dy sette in tiid fan 1.47.72 op de klok. Dit wie foar him net genôch foar in WK ticket.