Man wol gjin help fan plysjes en begjint te skellen
Foar is misledigjen fan plysjes, is yn de nacht fan sneon op snein in 29-jierrige ynwenner fan Drachten op de Noardkade yn syn wenplak oanhâlden.
De plysjes woene bemiddelje yn in rûzje tusken de man en in frou. De man siet hjir net op te wachtsjen en begûn te skellen. Hy woe ek syn legitimaasje net sjen litte. Der is proses ferbaal tsjin de man opmakke.