Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert wer 'Leukste strjitte'?

De Lytse Tsjerkstrjitte is de leukste winkelstrjitte fan 2012 © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert is wer nominearre foar 'Leukste winkelstrjitte fan Nederlân'. De NL street Awards wurde alle jierren utrikt. De Lytse Tsjerkstrjitte hat de titel al twa kear wûn.
Op 27 febrewaris wurdt de winner fan dit jier bekind makke. Oant dy tiid kinne minsken noch stimme op harren favorite winkelstrjitte. De Lytse Tsjerkstrjitte is de iennige Fryske strjitte op de list.