Skoalle yn Aldebiltsyl moandei ticht troch konflikt

01 feb 2015 - 12:37

Basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl is moandei ticht. Mear as de helte fan it team hat him siik melden yn ferbân mei in konflikt. Oanlieding is it opstappen fan in tydlike learkrêft. Neffens de direksje frijwillig, mar âlders leauwe dit net. Se binne boppedat pas op it alderlêste momint op 'e hichte brocht fan it fertrek.

Sneontemoarn hat der noch in petear west tusken direksje, learkrêften en âlders, mar hjirtroch is it konflikt allinnich mar heger oprûn.

Guon learkrêften ha oanjûn dat se problemen ha mei de direkteur. De direkteur hat har dêrop siik melden, lykas personielsleden dy't wol achter har steane. It bestjoer siket no nei in oplossing, mar kin yn alle gefallen foar moandei net genôch personiel fine om les jaan te kinne. Der is ek in ekstern buro ynskeakele om nei de problemen te sjen.

Trefwurden: 
skoalle Aldebiltsyl konflikt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)