Feanster (19) oanhâlden foar mishanneling

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige man fan It Hearrenfean is sneontenacht troch de plysje oanhâlden foar mishanneling. De man foel in famke lêstich op de Vleesmarkt op It Hearrenfean. Doe't in 23-jierrige ynwenner fan Noardwâlde hjir wat oer sei, waard er yn syn gesicht slein.
De 19-jierrige is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.