Mannen oppakt foar ynbraak yn wenning Skearnegoutum

01 feb 2015 - 10:59

De plysje hat sneontejûn in 18-jierrige ynwenner fan Easterein en in 20-jierrige ynwenner fan Snits oanhâlden yn in wenning yn Easterein. De mannen wurde fertocht fan it ynbrekken yn in leechsteande wenning yn Skearnegoutum.

De fertochten ha besocht koper te stellen en waarden troch in tsjûge betrape. It duo naaide út, mar de tsjûge hat it kentekern fan de auto opskreaun en oan de plysje trochjûn. De manlju koene dêrtroch oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Skearnegoutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)