Plysje siket tsjûge fan oanriding by Ginnum

01 feb 2015 - 10:36

De plysje is op syk nei in tsjûge fan in oanriding dy't sneontemoarn plakfûn op de Harstawei yn Ginnum. In auto dy't bestjoerd waard troch in 20-jierrige man, moast yn in bocht útwike foar in blauwe Ford Ka dy't út tsjinoerstelde rjochting kaam. Hy ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam. In 17-jierrich famke dy't yn de auto siet rekke ferwûne. Se moast nei it sikehûs foar behanneling.

Doe't it ûngelok krekt bard wie, is der in man stoppe dy't earste help ferliende. De plysje wol graach mei dizze persoan yn kontakt komme.

Trefwurden: 
plysje oanriding tsjûge Ginnum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)