SC Cambuur ferliest yn blessueretiid by FC Twente

31 jan 2015 - 22:47

Cambuur rûn yn Enschede tsjin FC Twente yn de ekstra tiid tsjin in 2-1 ferlies oan. De Ljouwerters spilen yn de earste helte mei in protte fjoer en koe sa Twente goed yn 'e stringen hâlde. In protte grutte kânsen krigen beide ploegen net. Yn de twadde helte begûn de thúsploech better. Yn de 57e minút makke de Perûaan Tapia hiel moai de 1-0 en moast Cambuur op jacht nei de lykmakker. Dat slagge Mikhail Rosheuvel noch net, mar yn de 73e minút wol ynfaller Martijn Barto mei in wipperke. Yn de 93e minút wie Ebecilio de skerprjochter foar Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)