Potinsjele toppers oan de start by Viking Race op Thialf

31 jan 2015 - 17:07

288 jonge reedriders út hiel Europa ha dit wykein meidien oan de Viking Race op Thialf. Se binne allegear tusken de 11 en de 16 jier. It reedrydtoernoai wurdt foar de 27e kear hâlden. It stiet ek wol bekend as it Europeesk kampioenskip foar jongeren.

Der binne al ferskate wrâldtoppers yn it reedriden dy't earder meidien ha oan de Viking Race. Sven Kramer bygelyks wie ea ek ien fan de dielnimmers. Ek dit jier stiene der neffens de organisaasje wer ferskate toppers oan de start.

Trefwurden: 
Thialf reedriden Viking Race
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)