Jorrit Bergsma superieur, Douwe de Vries twadde yn Hamar

31 jan 2015 - 16:09

Jorrit Bergsma hat sneon mei oermacht de 5000 meter wûn by it wrâldbekertoernoai yn Hamar. De Olympysk kampioen op de 10 km sette 6.17.89 op de klokken. Twadde waard Douwe de Vries yn 6.23.04. Sverre Lunde Pedersen waard yn eigen lân tredde yn 6.23.21. Wouter olde Heuvel waard sânde yn 6.25.67. Moarn moatte Bergsma, De Vries en Olde Heuvel noch de 1500 meter ride. De bêste oer in klassemint fan de 5000 en 1500 meter mei him opmeitsje foar it WK allround yn Calgary op 7 en 8 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)