Jongerein Akkrum hat nagelnij jeugdhonk

De jongerein fan Akkrum hat lang om let in nagelnij jeugdhonk. Se hawwe der 17 jier mei dwaande west om it foarelkoar te krijgen. Al dy tiid moast de jeugd it dwaan mei in direksjekeet fan hout, dy't de lêste jierren ek noch begûn te fersakjen. It honk hat hast santichtûzen euro koste, betelle út fûnsen en krigen fan sponsoaren. It honk sil alle freed- en sneontejûnen iepen wêze.
Op it âlde plak kamen gemiddeld tritich jongeren op in jûn. Dit oantal is wol wat minder wurden, fanwege de strangere alkoholwetjouwing.
It jeugdhonk wol der alles oan dwaan om dizze groep werom te krijen.