Lerin Duarte nije middenfjilder by SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat in nije spiler oanlutsen. It is de 24-jierrige Lerin Duarte. De middenfjilder wurdt hierd fan Ajax. Earder kaam Duarte út foar Sparta en Heracles. Yn de simmer fan 2013 gie hy fan Heracles nei Ajax. Hy is woansdei beskikber foar de wedstryd fan Hearrenfean tsjin Feyenoord.
Lerin Duarte hat oant no ta 150 wedstriden yn it Nederlânske betelle fuotbal spile.