"Mûzepleach sil boeren de kop kostje"

De mûzepleach sil boeren de kop kostje. Dat ferwachtet Andries-Jan de Boer fan Jellum. Hy is sels boer en ek eigener fan it Advysburo 3D Agro Advys. Yn dy funksje hat hy foar LTO Noard in taksaasje makke fan de folsleine skea yn Fryslân. Dy komt no op sa'n 82 miljoen euro, mar rint noch altyd op.
Hast 900 boeren ha op dit stuit melding dien fan skea by LTO. Neffens Andries-Jan de Boer binne der boeren by dy't twa- oant trije ton skea ha. Dit is faak net op te bringen.
Snein yn it Omrop Fryslân radioprogramma Buro de Vries in wiidweidige reportaazje.