Belangeferiening Waadfarders fiert 25-jierrich bestean

De belangeferiening Wadfarders bestiet sneon 25 jier. De feriening is yn 1990 oprjochte mei it doel om de rekreaasjefeart tagong te jaan ta ôfsletten natuergebieten yn de Waadsee. Wadfarders bestie doe út in groep fan fiifentritich man, mar telt no goed tûzen leden. De leden wurde troch oerheden belutsen by belangrike ûnderwerpen dy't te krijen hawwe mei it Waadgebiet.
It 25-jierrich bestean wurdt fierd op It Amelân. Der binne lêzingen fan ûnder oare eilân-boargemaster De Hoop en direkteur Arjan Berkhuysen fan de Waadferiening.