MBO opliedings sette doarren iepen foar nije learlingen

De MBO opliedings yn Fryslân ha sneon de doarren iepen foar nije learlingen. Learlingen kinne op it Nordwin College, it Friesland College en ROC Friese Poort rûnsjen om te bepalen oft se dêr in oplieding folgje wolle. De skoallen dogge der alles oan om safolle mooglik nije learlingen binnen te heljen.
Neffens Antsje Richt Reitsma, opliedingsmanager fan de ROC Friese Poort ôfdieling Keunst en Kultuer yn Drachten, bepaalt 60% fan de learlingen har kar op basis fan de Iepen Dei.