Marit Bouwmeester favoryt foar de winst yn Miami

31 jan 2015 - 08:15

Sylster Marit Bouwmeester begjint sneon as ien fan de favoriten oan de medaljerace by de wrâldbekerwedstriden yn Miami. Mar oft se ek de einoerwinning pakt is noch lang net wis. De ferskillen mei de konkurrinten Anne-Marie Rindom en Evi van Acker binne hiel lyts. Sân fan de Nederlânske teams fan de Delta Lloyd kearnploech hawwe har pleatst foar de finalewedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)