Kampanje gemeente tsjin alkoholgebrûk jongerein

30 jan 2015 - 21:55

Boargemaster Erik ter Keurs fan Tytsjerksteradiel joech freed de ôftrap foar de kampanje 'Hoe is 't mei de holle?'. By de Mega School Party yn Club Prins yn Quatrebras gie de boargemaster mei jongerein boppe de 18 yn petear oer it brûken fan alkohol, drugs en geweld. De gemeente sette in promoasjeteam yn om de jongerein bewust te meitsjen fan de gefolgen fan it brûken fan alkohol en drugs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)