Fries nimt attraksjepark De Sprookjeshof oer

De Sprookjeshof yn Súdlaren hat in Fryske eigener krigen. Tjebbe Haringa hat it attraksjepark oernaam. It park wie fan de famylje Tolner, dy't it wol kwyt woe. Sy hienen genôch fan de regels fan de oerheid foar attraksjeparken. Der drige sluting fan it park, mar freed waard bekend makke dat Haringa it oernaam hat.
De nije eigener is fan doel yn it park te ynvestearjen. Hy bemiddelet no yn merke-attraksjes en is ûnder oare eigener fan in reuzerêd yn Finlân.