Kontrôles plysje op klaverblêd It Hearrenfean

30 jan 2015 - 20:21

De plysje hat freed snelheidskontrôles hâlden op it klaverblêd by It Hearrenfean. De plysje dielde sân boetes út. In automobilist út Almere moast syn rydbewiis ynleverje. De man ried 172 kilometer, dêr't 100 kilometer it maksimum is. De plysje seach dêrneist noch in man yn de berm lâns de sneldyk rinnen. De man woe foto's meitsje. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)