Baarhúske Huzumer begraafplak restaurearre

30 jan 2015 - 17:50

Mei in programma fol poëzij en muzyk is freed it baarhúske op it Huzumer begraafplak yn Ljouwert weriepene. It baarhúske fan 1875 wie in ruïne wurden en stie op de nominaasje om sloopt te wurden. De pleatslike kommisje fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, dy't de tsjerke in goed jier lyn oernaam fan de protestânske tsjerke, tocht der lykwols oars oer. It baarhúske waard de ôfrûne moannen restaurearre troch frijwilligers. Hjirby waard ûnder oare it dak fernijd.

Rients Gratama hie de eare om it baarhúske te weriepenjen.

Dat die er neidat alle oanwêzigen ûnder begelieding fan doedelsekmuzyk in rûngong oer it begraafplak makken. Under de rûngong waard in spesjale deadedûns útfierd troch njoggen dûnseressen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)