"Akute sjirurgyske help ferdwynt net út Tjongerskâns"
Der is neffens soarchfersekerder De Friesland en sikehûs De Tjongerskâns gjin offisjeel rapport dêr't yn stiet dat de akute sjirurgyske help ferdwine sil út it sikehûs. Neffens de FNP op It Hearrenfean is der lykwols wol in rapport dêr't dit swart op wyt stiet. De Friesland en De Tjongerskâns sprekke oer berjochtjouwing dy't ûnwier is.
De FNP-fraksje hat yntusken skriftlike fragen steld oan it kolleezje.