Wedstriden amateurfuotbal skrast

30 jan 2015 - 16:09

It amateurfuotbal yn distrikt Noard giet sneon net troch. Dat hat fuotbalbûn KNVB witte litten. It beslút hat te krijen mei de waarsomstannichheden. De wedstriden wurde letter yn it seizoen ynhelle. Oer it amateurfuotbal fan snein wurdt op sneontemiddei in beslút naam.

De wedstriden fan topklasser ONS Boso Snits en de haadklassers Harkemase Boys en Drachtster Boys binne noch net skrast. Dêr wurdt sneon pas in definityf beslút oer naam, neidat de fjilden keurd binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)