Bewenners De Raai lilk op gemeente fanwege oprit CSG Liudger

Bewenners fan De Raai yn Drachten binne net bliid mei de oprit fan skoalmienskip Liudger. Troch de ferbouwing oan de skoalle komt de tydlike yngong op De Raai út. Dêrtroch is it folle drokker op 'e dyk.
Boppedat is de gemeente Smellingerlân dwaande mei in permaninte yngong foar it Liudger oan De Raai. Dit is neffens buertbewenner Rudolf van der Berg tsjin de ôfspraken yn. Hy krige fan de gemeente in brief wêryn't stiet dat de buert op de hichte hâlden wurdt as der in oprit komt. De gemeente hat him hjir net oan holden.
Wethâlder Ron van der Leck seit dat de gemeente wol deeglik kontakt socht hat mei de buertbewenners. Boppedat wurdt de nije oprit sletten as de oerlêst bliuwt, seit de wethâlder.