Twa Fryske keunstsamlers yn samler top 100

Omrop Fryslân
Op in list fan de hûndert wichtichste Hollânske keunstsamlers steane twa Friezen. It giet om de Fryske samlers Thom Mercuur en Foppe Huismans. De keunstkolleksje fan Mercuur is foar in grut part te sjen yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Foppe Huismans wie direkteur fan ynkassobedriuw AFI en sammelet sûnt 1987 Fryske keunst út de 20ste ieu. Syn kolleksje is foar in grut part te sjen yn ferskate Fryske musea.
Op de list stean libbene keunstsamlers, dy't elk in pear hûndert keunstwurken hawwe mei in wearde fan minimaal in heal miljoen euro.