Boaiemdelgong by Winaam giet folle flugger as ferwachte

De boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning yn it gebiet om Winaam hinne giet folle flugger as oant no ta ferwachte waard. Dat konkludearret Rinze Post fan Aksjegroep Winamer Belang op grûn fan sifers fan it Ryk. Op ferskate plakken yn it gebiet hat it Ryk mjittings dien.
Neffens de aksjegroep is it ûnferantwurde om boarrings ûnder it Waad by Harns ta te stean. Dy soene ek grutte gefolgen ha foar de âlde gebouwen yn de stêd. Op it stuit makket de 'Technische Commissie Bodembeweging' in rapport op oer de situaasje yn Winaam.
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat keamerfragen steld. Sy wol ûnder oare witte wêrom't partikulieren mei skea sa lang wachtsje moatte op eventuele fergoedings. Boppedat fynt se dat Nederlân sjen moat nei hoe't der bygelyks yn Dútslân nei de ôfhanneling fan mynbouskea sjoen wurdt.
De provinsje Fryslân hat dizze wike in website iepene, dêr't minsken mei skea fan gas- of sâltwinning har skea melde kinne. Sjoch hjir hoe't je de skea claime kinne.
Der is ek in digitale kaart makke mei alle Fryske boarlokaasjes, mei dêrby ynformaasje oer de bedriuwen dy't foar dy lokaasjes ferantwurdlik binne.