Plysje op syk nei tips oer fermissing fan Nico Post (78)

30 jan 2015 - 12:10

De plysje ropt minsken op har te melden as se de fermiste Nico Post fan De Jouwer sjogge. De 78-jierrige man wurdt sûnt ferline wike freed fermist. Yn it wykein waard der folop socht lâns it wetter fan de Omkromte. Dêr waarden spoaren fûn yn de rjochting fan it wetter. Woansdei hawwe dûkers it wetter fan de Goaiïngarypsterpolder drêge en tongersdei waard der mei in helikopter út de loft socht.

Oant no ta is der gjin inkel spoar fan de man. Hy hie op de dei dat er fermist rekke in brûne broek, in grien boesgroentsje en in griene jas oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)