Fryske NOS-redakteur makke wapene oerfal fan tichtby mei

30 jan 2015 - 08:41

In 19-jierrige man út Pijnacker is tongersdeitejûn mei in pistoal it gebou fan de NOS yn Hilversum binnenkaam. Hy wie klaaid yn in swart pak en hold in ferhaal oer in saneamd 'hackerskollektyf' dêr't er lid fan wie. De man easke stjoertiid by it sjoernaal fan acht oere, mar koe rap troch de plysje oanholden wurde. It NOS-kompleks waard ûntromme. Letter die bliken dat de man allinnich hannele, en dat syn wapen net echt wie.

NOS-redakteur Roel Visser fan It Hearrenfean wie tongersdeitejûn oan it wurk en moast it gebou yn sân hasten ferlitte.

Trefwurden: 
oerfal NOS Hilversum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)