Tjongerskâns hat bêste soarchkeuken fan Nederlân

29 jan 2015 - 23:26

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean is tongersdei troch de Stichting Veilig Voedsel.nl útroppen ta it bêste sikehûs fan Nederlân. It sikehûs helle de heechste sifers op it mêd fan de feiligens fan iten.

Yn totaal diene 549 soarchlokaasjes en ôfdielings mei oan de striid om de priis. De Tjongerskâns beskikt oer de bêste soarchkeuken en krige hjirfoar in sifer fan in 9.8. It gemiddelde rapportsifer wie in 9.6 foar it sikehûs op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)