Follybalsters Snits yn heale finale beker

29 jan 2015 - 21:30

De follybalsters fan Snits hawwe tongersdeitejûn de heale finale fan de beker helle. De Snitser froulju wûnen mei 3-0 fan Eurosped út Almelo. De setstannen wiene 25-19, 25-17 en 25-23. De oerwinning wie genôch om it ferlies fan twa wiken lyn fuort te spyljen. Doe ferlearen de Snitser froulju fan trainster Petra Groenland mei 3-2.

Troch de oerwinning spilet Snits op 21 febrewaris yn Zwolle de heale finale. Taurus út Houten, dat in klasse leger spilet, is dan de tsjinstanner.

As de ploech fan coach Petra Groenland de heale finale tsjin Taurus wint, stiet in dei letter de finale op it programma. Foarich seizoen wûn Snits de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)