Coach foar nije ûndernimmers binnenstêd Dokkum

29 jan 2015 - 19:57

Minsken dy't plannen ha om in winkel of hoarekabedriuw te begjinnen yn de binnenstêd fan Dokkum, kinne fan no ôf advys krije fan in oantal ûndernimmers mei ûnderfining. Dit is de saneamde ûndernimmerscoach. Dy kin dan sjen oft in plan kâns makket. Ek jout de coach oan wat der allegear regele wurde moat.

Doel is om teloarstelling by de nije ûndernimmer foar te kommen. De coaching fan nije ûndernimmers makket diel út fan de oanpak fan de leechstân fan winkels yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)