Profronde fan Surhústerfean in wike earder

29 jan 2015 - 17:57

De profronde fan Surhústerfean wurdt dit jier riden op 28 july, in wike earder as yn de ôfrûne jierren. Surhústerfean nimt it plak op de kriteariumkalinder oer fan Stiphout. De profronde is no de twadde wedstriid nei de Tour de France. Dat hat de KNWU besletten.

Yn Stiphout kin de organisaasje de finânsjes net rûn krije. Boxmeer bliuwt krekt as oare jierren de earste koers. De profronde fan Surhústerfean stie al jierren yn de earste wike fan augustus op it programma, faak de jûn foar de PC. Dit jier is dat wer sa, de PC is op 29 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)