Bouke Oldenhof krijt Pyt van der Zee priis

Bouke Oldenhof
Toanielskriuwer Bouke Oldenhof fan De Tynje krijt op 13 febrewaris de Pyt van der Zee priis útrikt. It tema foar de priis is dit jier 'De betsjutting fan it amateurtoaniel foar de leefberens yn stêd en doarp'.
De provinsje Fryslân rikt de Pyt van der Zee priis ien kear yn 'e trije jier út oan in persoan, groep of organisaasje dy’t yn de ôfrûne trije jier fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân.