Brân yn pleats Grutte Pier yn Kimswert kin trochgean

29 jan 2015 - 13:26

It yn de brân stekken fan de Grutte Pier-pleats yn Kimswert giet tongersdeitejûn gewoan troch. Tusken de middei ha alle belutsenen mei-inoar oerlein. De waarfoarsizzings binne geunstich, de wyn jout him wat del, en dat bestjut dat de neiboude pleats yn de brân stutsen wurde kin.

It ôfbrânen fan de pleats is it earste diel fan in trijelûk oer frijheidsstrider Grutte Pier. It is 500 jier lyn dat syn pleats yn 'e brân stutsen waard. Syn frou en ien fan syn bern kamen dêrby om it libben. It wie de start fan syn striid tsjin de Hollanners.

Trefwurden: 
Kimswert brân Grutte Pier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)