Brêgen yn Balk krije frijwillige brêgewippers

29 jan 2015 - 11:35

Twa brêgen yn Balk wurde dizze simmer betsjinne troch frijwilligers. De gemeente De Fryske Marren is akkoart gien mei it foarstel foar sa'n proef. Pleatslik Belang Balk Vooruit en winkeliersferiening WHI hienen frege oft se de brêgen ekstra betsjinje mochten.

Troch de ekstra brêgewippers is it doarp ek yn de neimiddei en betide jûn berikber foar wettersporters. It giet om de Teernstrabrêge en de Ossebrêge yn Balk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)