Frou út Snits (26) stekt freon del mei mes

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitemoarn yn Snits in 26-jierrige frou oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De frou soe yn in rûzje har 22-jierrige freon delstutsen hawwe. De man moast mei ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.
Bewenners fan de wyk Lemmerwei-East warskôgen de plysje doe't se hearden dat de twa spul hienen. Dat wie earst yn de eigen wenning en letter op strjitte. De frou is meinaam nei it buro, de man sil letter ek heard wurde as fertochte.