Stipepunt Lokaal Loket fan start yn Eastermar

Eastermar set nije wike útein mei it Lokaal Loket. Mei dit inisjatyf kinne doarpsbewenners mekoar stypje. It doel is dat minsken dy't help nedich hawwe, it loket belje. Sy wurde dan yn kontakt brocht mei doarpsgenoaten dy't harren helpe kinne.
It giet dan bygelyks om ferfier nei it sikehûs of boadskippen dwaan foar in oar. Oant no ta hawwe al 42 frijwilligers harren oanmeld by it Lokaal Loket.