Undersykster GGZ Fryslân ynstallearre as lektor yn Grins

28 jan 2015 - 20:14

Charlotte de Heer-Wunderink fan GGZ Fryslân is woansdei ynstallearre as lektor oan de Hanze Hegeskoalle yn Grins. It giet om it lektoraat Maatskiplike partisipaasje fan minksen mei in psychyske beheining. Dat makket diel út fan de akademy foar sosjale stúdzjes.

Neffens De Heer wurdt it hieltyd wichtiger dat minsken mei in psychyske beheining safolle mooglik meidwaan kinne. Der wurdt troch besunigings folle mear selsredsumens fan de minsken frege. It lektoraat docht hjir ek ûndersyk nei en sil soarchynstellings dêrnei advys jaan.

Trefwurden: 
Grins GGZ Fryslân lektor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)