Njoggende plak foar team Nederlân op Bocuse d'Or

28 jan 2015 - 18:51

Jan Smink en Rogier Peeters binne woansdei as njoggende einige op de itensiederswedstriid Bocuse d'Or yn it Frânske Lyon. Noarwegen pakte de winst, foar Amearika en Sweden. Nederlân wie mear as tefreden. It is de bêste prestaasje ea fan in Nederlânsk team op de Bocuse d'Or. Yn totaal hat Nederlân no fjouwer kear meidien oan de ynternasjonale finale.

Team Nederlân makke foar de sjuery in fiskgerjocht fan beekforelfilet en in fleisgerjocht fan poelepetaat. Smink en Peeters waarden bystien troch de coaches Lars Aukema en Leendert Klaassens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)